Kategoryen

No products in the cart.

Bern de baas (5 boekjes)

Praat mar Toaniel!

24,75

In stock

Details



Yn 1937 skreaun Henry Winterfeld (1901-1989) foar syn sike soan Thomas in ferhaal: Timpetill, die Stadt ohne Eltern. De bern fan Timpetill wienen sa ûndogensk en dwers dat de âlden en oare folwoeksen minsken har in leske leare woenen. Stikem naaiden se allegearre út. De stêd wie doe foar de bern: dêrnei fertelt Winterfeld wat der barde yn Timpetill doe’t de bern dêr de baas wienen.

In rige fan 6 toaniellêsboekjes foar de groepen 7 en 8 fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dyn gefoelens en gedachten bringst yn dyn eigen taal it bêste ta útdrukking. By Praat mar Toaniel! geane learlingen op in fleurige en ynspirearjende wize mei Frysktalige toanielteksten oan de slach. It lêzen en spyljen fan teaterstikken yn it Frysk set oan om mear Frysk te lêzen, te praten en mooglik ek te skriuwen.

Kombinaasjetip: By twa fan de seis útjeften fan de ‘Praat mar Toaniel!-rige binne nijsgjirrige Projekten foar it primêr ûnderwiis ûntwikkele. Do fynst dy Projekten yn de Fryske metoade ‘Spoar 8’. Brûksto Spoar 8 al? Freegje dan no de boekjes by it projekt Oz of Junglebook fergees oan by de Afûk!

Author : Praat mar Toaniel! Kategory: .

Relatearre produkten

Yn winkelwein
Nij
1,00
poeske mau
Yn winkelwein
Nij
2,50
Myn grutte syk en ûntdekboek
Yn winkelwein
Nij
13,50
Yn winkelwein
Nij
2,50