Pippi Langkous - kadopakket
Astrid Lindgren
€59,95
Details
It iennige echte Fryske Pippi Langkous-kadopakket! Spesjaal foar alle Pippi Langkous-fans!
It kadopakket bestiet út:
- It Fryske Pippi Langkous-boek
- Pippi Langkous knuffel (30 cm)
- Mijnheer Nilsson knuffel (16 cm)
- Kaart: Ik ha it noch noait dien dus ik tink dat ik it wol kin.
—————————
Liesbeth: “Pippi Langkous, de measte minsken kenne har wol. En dat dêr no in Frysk boek fan is, is hielendal leuk, foar jong en âld! It boek is yn in moai kompakt formaat. Der steane prachtige tekeningen yn dy’t it hielendal ôfmeitsje en ta libben bringe. It boek is aardich foar jong en âld, om foar te lêzen, mar ek om sels te lêzen.” Lês de folsleine resinsje fan Liesbeth hjir op heitenmem.nl.“
Annika: “It boek is geskikt foar bern út de boppebou om sels te lêzen (9+) en foar alle leeftiden om foar te lêzen. Pippi har ferhalen liene har ek goed foar sosjaal-emosjonele foarming. Somtiden docht Pippi dingen dy’t hiel gek binne. It kin moai wêze om mei bern yn petear te gean oer de aksjes fan Pippi: wat fine se derfan? Trochdat Pippi sels in bern is, is it foar bern makliker om harren yn har situaasje te ferpleatsen.” Lês de folsleine resinsje fan Annika hjir op heitenmem.nl.”