Kategoryen

No products in the cart.

Omstreken - schilderijen gedichten

Eppie Dam

20,00

Net op foarried

Details

Omstreken is in ryk yllustrearre bondel gedichten (Frysk en Nederlânsk) dy’t Eppie Dam skreau by de abstrakte lânskippen fan Johan Haanstra (1914-1991), dy’t hy skildere yn de perioade dat er yn Warns, Fryslân wenne.

Eppie Dam seit oer de skilderijen: ‘De skilderijen wiene aventoerlik, útdaagjend en ferfrjemdzjend. It waard magy doe’t bliken die dat Haanstra syn ferfstikken topografise nammen meijûn hie, allegear werom te fieren nei de kaart fan Fryslân. Ik kaam titels tsjin as ‘Kollum’, ‘Tochmaland’, ‘Dongeradeel’, ‘De Mieden’, ‘Wijckel’, ja sels ‘Toppentwel’ – en as ik der al net wenne hie, dan krige ik der wol idee bij. It wie foar mij doe al dúdlik dat Haanstra noait op dy plakken west hat. Letter die bliken dat er se willekeurich – en sa te sjen mei grutte wille – út it tillefoanboek helle, mei de finger bij it register del.’

Author : Eppie Dam ISBN : 9789082946871 New label : 1 Pages : 92 Language : Frysk Nederlânsk Publisher : De Ryp Format : ynbûn Illustrator : Johan Haanstra Kategory: , , , , , .