Kategoryen

No products in the cart.

Myn Moaiste Mearkes

17,50

Details



‘Myn moaiste mearkes’ is in prachtich dik mearkeboek dat net yn de boekekast ûntbrekke mei. It boek is geskikt foar bern fan 4 jier ôf. It hat in protte moaie platen dy goed ynferhâlding binne mei de tekst.

Doch dit boek mar iepen. Dan komst yn in betoverjend keninkryk, mei grutske keizers, prachtige prinsessen, magyske bisten en feeën dy’t dy helpe wolle…
Dizze spesjale samling fan ferhalen bestiet út tsien bekende mearkes fan de Bruorren Grimm, Hans Christian Andersen en oaren.

1) Dreamroaske
2) De keizer en de Nachtegeal
3) Beltsje en it Bist
4) De Drakeskilder
5) De Kikkertprins
6) De Elfkes en de Skuonmakker
7) Readkapke
8) Jiskefetsje
9) De Swanneprinsesse
10) De nije klean fan de Keizer


– It tsjokke meakreboek “Myn Moaiste Mearkes” is ien grut kado. Benammen wat de foarmjouwing oanbelanget, mar ek de boartlike wize wêrop in oantal mear dan bekende mearkes ferteld wurde. Acht tekeners binne ferantwurdlik foar de prachtige yllustraasjes út de fan oarsprong Ingelske útjefte  ‘Illustrated Fairy Tales’.  Mei fleurige blommebledsiden as oergong nei in nij mearke, in lúkse lint as ‘boekenlegger’ en glitters op it omslach mei dit boek net ûntbrekke yn de boekekast fan in bern. – Ut: resinsje Leeuwarder Courant 20 desimber 2013

Amanda: “It ferhaal is op in leuke wize skreaun en troch alle tekeningen derby poer geskikt foar beukers. It is grappich skreaun en wykt soms wat ôf fan hoe’t it orizjinele mearke skreaun is. Readkapke stroffelt oer de wolf en bringt grientesop by beppe. Neffens my brocht se koekjes, mar just dy lytse dinkjes meitsje it ferhaal wol hiel leuk en grappich.” Lês Amanda har hiele resinsje hjir op heitenmem.nl.

Maaike: “Der giet eins gjin dei foarby dat wy dit boek net efkes út de kast pakke. It moaie lêslint soarget derfoar dat wy witte wêr’t wy de oare kear bleaun binne. De prachtige yllustraasjes passe hiel goed by de ferhalen. It sêfte kaft hâldt maklik beet.” Lês Maaike har hiele resinsje hjir op heitenmem.nl.

ISBN : 9789062739493 Pages : 352 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Kategory: , , , , , .

Relatearre produkten

Skelte wol in skelter
Yn winkelwein
13,50
Lytse hekskes
Yn winkelwein
13,90