Myn grutte syk- en ûntdekboek - fan alles wat rydt, fart of fljocht
Susanne Gernhäuser
€13,50
Net op foarried
Details
Grutte dingen foar lytse ûntdekkers
Witsto wat der allegear yn de stêd omrydt? En witsto de nammen fan de grutte masines op de buorkerij en it bouplak? Op de grutte sykplaten kinst fan alles ûntdekke en beneame, fan trekkers oant treinen en fan fytsen oant fleantugen.
In hiel soad syk- en sjochwille mei dit ryk yllustrearre boek dêr ‘t fan alles yn te sjen en te belibjen falt.
2+
Kartonboek
Marrit: “Op elke bledside stiet in ferhaaltsje en kinne de bern sykje nei in tal plaatsjes dy’t ûnder it ferhaaltsje steane. Ek falt der op elke print safolle te besjen, dat de printen harren goed liene foar in petear. Sa freget Hidde him hieltiten ôf wat minsken op in print oan it dwaan binne en betinkt hy der dêrnei sels in ferhaal by. Dat moat dan nei it besjen/lêzen fan it boek fansels ek efkes neispile wurde mei syn eigen trekkers en ark. Mei dizze printen kinne wy dus noch wol efkes foarút, safolle falt der te besjen en te bepraten!” Lês hjir Marrit har folsleine resinsje.
Klaske: “In moai boek, mei prachtige detaillearde yllustraasjes wêryn’t je fan alles ûntdekke kinne. Dat it boek fan dik karton makke is, komt goed út mei pjutten dy’t net altyd like foarsichtich binne. Sa kinne we it boek noch hiel faak lêze.” Lês hjir Klaske har folsleine resinsje.