Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

Lindbergh - It grutte aventoer fan in fleanende mûs

Torben Kuhlmann

17,95 7,50

Details



It libben wie gefaarlik wurden foar lytse mûs. Oeral stiene mûzefallen, leine fijannen op ‘e loer en ien foar ien wiene syn mûzefreonen ferdwûn. Mar wêr hinne? Nei Amearika?

Doe krige mûs in domdryst plan: hy soe fleanen leare! Dan koe er nei Amearika om syn freonen werom te finen. Nachtenlang wie er dwaande om in fleantúch te meitsjen dat sa’n grutte reis meitsje koe oant syn dream út kaam…

Yn dit bysûndere printeboek mei prachtige yllustraasjes hat de skriuwer en yllustrator syn fassinaasje foar fleantugen en bysûndere masines ferwurke. In wier keunstwurk!

Klik hjir foar de Dútske trailer fan it boek.
En hjir om te sjen hoe’t it omslach makke waard.


Leo: “De tekeningen yn it boek binne prachtich en guon bledsiden hawwe allinnich mar tekeningen en gjin tekst. Dat hoecht ek net oars, want de tekeningen meitsje alles dúdlik.” Lês hjir de hiele resinsje.

Marrit: “It is myn soan (8) syn favorite boek!”

Simone: “De bern fine it ferhaal skitterjend en harkje der konsintrearre nei. In lytse mûs dy’t sa’n grutte útfining docht, sa knap! Soene der yn it echt ek mûzen wêze dy’t yn ’e huzen sykje nei lytse skroefkes en oare materialen om te brûken? En in reis hielendal nei Amearika… Hoe fier is dat eins?” Lês hjir de folsleine resinsje. 

Author : Torben Kuhlmann ISBN : 9789062739936 Pages : 92 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Kategory: , , , , , , , .

Relatearre produkten

cover-feestdagenedysje
Yn winkelwein
Nij
0,00
heit en mem
Yn winkelwein
Nij
0,00
Yn winkelwein
Oanbieding
16,95 7,50
It mûzehûs - Sam & Julia yn it teater
Yn winkelwein
Oanbieding
16,95 7,50