Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

Leave deade - hûndert Fryske fersen oer de dea

Gearst. Baukje Wytsma en Tineke Steenmeijer-Wielenga

4,95

Details

Fertriet om ‘t immen stoarn is, fan wa ‘t wy hâlden, faak fine wy der gjin wurden foar; it is te grut, te pynlik om oer te praten. Binne der treastwurden foar de dea fan de leafste, in bern, in freon, heit of mem? It wiene de dichters, dy’t troch de ieuwen hinne besocht hawwe de grutte tema’s fan it libben ûnder wurden te bringen. Net allinne de leafde, it leauwe en de natoer wiene foar har ûnderwerpen oer te skriuwen, mar ek de dea mei al syn riedsels.De grutte fariaasje yn dizze blomlêzing lit sjen dat minsken op hiel ferskillende wize omgean kinne mei de dea en de emoasjes dêr omhinne.By dizze samling Fryske fersen mei de dea as sintraal tema wiene de seleksjekritearia út soarte poëtyske kwaliteit, tagonklikens en oansprekberens, oanfolle mei de hast net te beneamen komponint treast.