Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

Kreamkado-pakket 'Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?'

56,79 50,00

Details



Is der ien yn ferwachting of is der krekt in poppe berne? Hoe moai is it dan om in moai kreampakket te jaan!

Do hoechst net lang te sykjen want wy ha al mei soarch in pakket gearstald. Dit kreampakket kin sawol foar in jonkje as in famke en is in stik foardieliger dan ast de produkten los keapje soest. Guon produkten kinst ek omruilje foar in oare fariant. En fansels pakke wy alles hiel moai foar dy yn!

Yn dit foardielige 10-dielige kreampakket sit:

  1. Boek: Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?
  2. Slabke: Lytse griemer (Kinst ek foar in oare slabbe kieze, dit kinst oanjaan by ‘oantekeningen’ fierderop yn de bestelling)
  3. It nijste heit&mem-magazine
  4. Knuffel: Lytse Ljochtbrúne hazze
  5. Notitieblok: Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?
  6. Kaart: sa fier as de moanne (Kinst ek foar in oare kaart kieze, dit kinst oanjaan by ‘oantekeningen’ fierderop yn de bestelling)
  7. Fryslân poppesokjes
  8. Foarlêsgids
  9. Poppeboek: Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?
  10. Poster: Oant de moanne en wer werom (Kinst ek foar in oare poster kieze, dit kinst oanjaan by ‘oantekeningen’ fierder op yn de bestelling)

Relatearre produkten

mem-pakket
Yn winkelwein
Oanbieding
22,15 20,00