Set 'm op - cd
Jaap Louwes
€15,00
Net op foarried
Details
Jaap Louwes is sûnt begjin 1980 aktyf as sjonger/lietskriuwer/trûbadoer. Syn selsmakke repertoire fynt stadichoan in plakje op it fryske poadium troch optredens yn kroegen, feesttinten, strjitfestivals ensfh.
Op dizze plaat steane titels as Memmen by it stek en Spikerjack. Fierder op dit album in duet mei sjongeres Griet Wiersma (Tegearre) en in nûmer mei de Fjouwer Trûbadoers (Dan die ik it mei dy). Yn totaal steane op SET ‘M OP 15 -meast nije- nûmers mei as bonus aktuele útfieringen fan De Lift en Famke.