Kategoryen

No products in the cart.

Horatius - Fiif Satiren

Quintus Horatius Flaccus

15,00

Details



De Romeinske dichter Quintus Horatius Flaccus (65-8 foar Kristus) jildt as ien fan de allergrutsten út de antike literatuer. Mar yn syn debútbondel út 35 foar Kristus mjit er himsels in hiel beskieden poaze oan. Syn earste boek Satiren bestiet út in tsiental Gesprekken yn Gewoane Taal.

Yn loftige fersen sprekt de dichter oer himsels en syn libben en oer de belangrike persoanen dy’t er moetsje mei, sa as Maecenas en Vergilius. Literatuer en polityk komme oan bod, mar ek grappige taferielen út it deistich libben yn Rome.

Atze J. Keulen hat fiif Satiren yn it Frysk oerset, ien út Horatius’ earste bondel en fjouwer út de twadde. Se binne bondele yn it boekje Horatius Fiif Satiren. Mei yllustraasjes fan Maaike Keulen-Hoitinga.

 

 

Author : Quintus Horatius Flaccus New label : 1 Pages : 79 Language : Frysk Publisher : Eigen behear Translator : Atze J. Keulen Illustrator : Maaike Keulen-Hoitinga Kategory: , , , , .

Relatearre produkten

Yn winkelwein
21,00
Yn winkelwein
13,95
Ovidius - Feroarings fan stal
Yn winkelwein
45,00