Kategoryen

No products in the cart.

Fertile Soil - Nature-Inspiration-Art Engels/Duits

Doet Boersma

23,50

Net op foarried

Details

Wêr’t Doet Boersma yn har earste boek oer har wurk socht nei de fierste hoarizon yn har lânskippen, hat se mei har tema Fertile Soil de fokus ferlein nei de bermen en de boaiem. Se ûntdiek in ferburgen wrâld fol libben en ynspiraasje. Dit boek is net allinnich in ferslach fan dizze yntinse syktocht, mar ek fan de ûntjouwing yn har keunstnerskip. Troch ûndersyk en mei sketsboeken fol tekeningen, foto’s en stúdzjes komt se ta nij wurk.

Skriuwster Baukje Wytsma skreau fjouwer prachtige gedichten by har wurk. Peter Jens levere in bydrage oangeande: hoe sjogge we nei de natoer, wat fertelt de natoer ús en hoe helpt de natoer ús. Susan van den Berg, keunstresinsint en meiwurkster fan Museum Belvédère beskriuwt it skildertechnyske proses fan foarmjouwing en ynhâld fan dizze wurken.

Troch sawol de ynspiraasjeboarnen, wurkprosessen as de ûntstiene keunstwurken sjen te litten, jout it boek ynsjoch yn ûnstean en tinken oer de krêft en de brekbere pracht fan grûn en natoer. De keunstwurken ynspirearje de keunstsjogger ta belibjen en bewustwurden.

It boek is Ingelsk/Dútsk.

Author : Doet Boersma ISBN : 9789061095767 New label : 1 Pages : 118 Language : Engels/Duits Publisher : Bekking & Blitz Format : gebonden Illustrator : Doet Boersma Kategory: , , , , .