Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

Dominy's, dwersbongels en oare dogenieten

Wiger Zylstra

17,50 4,95

Details



50 ferhalen oer nijsgjirrige Friezen foar nijsgjirrige Friezen.

Yn Dominys, Dwersbongels en oare Dogenieten skriuwt Zylstra oer skoalmasters, Frjentsjerter professoaren en benammen dominys yn Fryslân dy’t net opwoeksen wienen tsjin de ferliedings fan jenever, jild en jonge froulju. Pommeranten yn doarp en stêd ferlearen sa harren oansjen en gesach, setten de leafde fan grutske âlden, frou en bern op it spul en seagen in ein kommen oan in faak sa skitterjende karriêre. Foaral yn de earste jierren fan de Reformaasje, dus fan 1580 ôf, doe’t de predikanten noch net foar it útsykjen wienen, sieten der grutte dogenieten tusken de foargongers. Benammen de drank makke in protte dominys ta dûbelhertige moraalridders, dy’t soms amper by steat wienen om de preekstoel op te kommen om it froede tsjerkefolk mei dûbele tonge fan duveldie en duveldei te fertellen.

Author : Wiger Zylstra ISBN : 9789033000058 Pages : 255 Language : Frysk Publisher : Friese Pers Boekerij Kategory: , , , , , .

Relatearre produkten

De Jorwerter Dweilstikken
Yn winkelwein
15,00
Yn winkelwein
12,50