Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

Der leit in krokodil ûnder myn bêd

I. en D. Schubert

14,95 7,50

Details



Krokodil Karel hat it te bûnt makke.
Hy wurdt fuortstjoerd troch syn freontsjes.
Híél fier fuort, oant ûnder it bêd fan Lyske.
Mar Lyske is net bang!

Yn 1980 ferskynde dit boek foar it earst yn it Nederlânsk. Ingrid en Dieter Schubert ha it boek no yn in nij jaske stutsen.
It famke dat de krokodil ûnder har bêd ûntdekt, tinkt: leuk! Se beslút it bist mei har hoepel te temmen en dat is it begjin fan in bysûndere freonskip.
Tal fan bern binne har eangst foar it tsjuster de baas wurden mei help fan dit prachtige printeboek.

3-6 jier


Femke: “Geweldig boek, echt! Prachtige illustraties en een verrassend verhaal. Onze kinderen zijn er dol op.”

Dieuwke: “Doe’t ik mei it boek ‘Der leit in krokodil ûnder myn bêd’ thús kaam, ha’k dan ek even twa kear nei tocht foardat ik it foarlêze soe oan ús dochter (3). Mar gelokkich giet dit boek oer in hiele leave krokodil. Soms wol wat ûndogensk, mar absoluut net eng. Karel de krokodil hat ‘m ferstoppe ûnder it bêd fan Lyske. Mar Lyske is net bang. Se dogge tegeare keunstkes, Karel bakt pankoeken foar Lyske en lêst har moaie ferhaaltsjes foar. Der stiet net sa’n soad tekst yn, dat je kinne der sels fanalles by fersinne. De tekeningen binne prachtich en sprekke foar harren sels. En ús dochter? Dy is net bang foar de krokodil en alle jûnen wol se it boek wer lêze.”

 

Author : I. en D. Schubert ISBN : 9789062739943 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Sale label : 1 Kategory: , , , , , .

Relatearre produkten

Yn winkelwein
12,95
De Grutte Griene Grizel
Yn winkelwein
14,99
De Gruffalo
Yn winkelwein
14,95
Jip en Janneke yn it Frysk
Yn winkelwein
26,99