Kategoryen

No products in the cart.

De burn-outbestindige dosint

Richard Jones

18,95

Details



Ferbetterje dyn klassemanagement en helje it measte út dysels en dyn learlingen. 30 Praktyske ideeën om mentaal sûn te bliuwen as dosint yn it fuortset ûnderwiis.

Yn it ûnderwiis bestiet it ferlet om in burn-out en de ferskynsels dy’t dêrby hearre besprekber te meitsjen. Ien op de fiif dosinten hat lêst (hân) fan in burn-out. Der is in oantoanber ferbân tusken in gebrekkich klassemanagement en burn-out-klachten (Aloe, Amo en Shanahan, 2014). Dêrom is dit boek skreaun.

Dit boek is koart, krêftich, maklik te lêzen en befettet de nedige humor. It is skreaun foar elk dy’t neigean wol wat it effekt is fan syn klassemanagement op syn mentale en fysike enerzjy. It is bedoeld foar sawol begjinnende dosinten as dosinten mei ûnderfining, en foar sawol skoaloplieders as learare-oplieders. It is foar elkenien dy’t siket nei ynspiraasje yn de wrâld fan it ûnderwiis.

Tsjintwurdich is de dosint folle mear as allinnich ien dy’t kennis oerbringt. Fan in dosint wurdt ferwachte dat er in ûndersykjende en profesjonele hâlding ûntwikkelet, ek as it om syn klassemanagement giet. Dat betsjut dat er hieltyd kieze moat hoe’t er hannelet op pedagogysk en didaktysk mêd en neitinkt oer it effekt dêrfan. Sa ûntjout er him op syn eigen manier.

Dit boek is net bedoeld om dosinten te fertellen hoe’t it moat, mar om har te ynspirearjen mei sawol bekende as nije en frisse ideeën.

 

Author : Richard Jones ISBN : 9789083036502 New label : 1 Pages : 90 Language : Frysk Publisher : Uitgeverij De Bonke Format : Softcover Illustrator : Yarron van Ewijk Kategory: , , .

Relatearre produkten

Hoeveel talen spreek jij
Yn winkelwein
17,00
Yn winkelwein
35,00