Kategoryen

No products in the cart.

De Bijekening

Sjoerd van der Schaaf

17,95

Details

Bouwe Caesar Hommema, in wat twiveleftige profeet, is in nijljochter dy’t stúdzje makket fan it bijefolk. Hy siket it geheim fan har perfekte wurkferdieling en wûnderlik goed regele libben én stjerren. As hy dat geheim ûntriedselje kin, wol er dat ek op de minskemaatskippij tapasse. Hommema is in man mei in geniale ynslach, mar hy rekket yn betizing. De bewenners fan Trimbeets, it doarp yn de súdlike Wâlden dêr’t it ferhaal spilet, besykje him sa goed mooglik te heinen en te kearen. Hommema syn foarbyld is Pjotr Kropotkin, ien fan de foaroansteande tinkers fan it anargisme, foar wa’t it elkoar helpen fan minsken de basis wie fan syn maatskippijfizy. De skriuwer sketst neist it ferhaal fan Hommema in breed panorama fan de maatskiplike ferhâldingen yn Trimbeets yn de jierren tusken de beide oarloggen.

Foar De Bijekening krige Van der Schaaf yn 1983 de Gysbert Japicxpriis.

Dizze tredde printing is de werútjefte fan de earste printing út 1981.

Author : Sjoerd van der Schaaf ISBN : 9789089541895 Pages : 184 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Kategory: , , .