Beeldje Elfstedentoerrijder
(Byldsje Alvestêdetoerrider)
Elisabeth Jonker
€45,50
Details
Byldhouwer Elisabeth Jonker fan Ryptsjerk en har sakepartner Evert Wilstra meitsje in searje byldsjes fan karakteristike Fryske sporten. As earste is der no De Alvestêdetoerrider. It orizjineel fan brûns is sa’n 25 sm heech en fan dit byld binne lytsere ôfjitsels makke yn Art-Resin (epoxy). De hichte is sa’n 17 sm en stiet op in hurdstiennen sokkeltsje fan 9 x 7 x 1 sm. Op termyn folgje noch byldsjes fan it Skûtsjesilen, Fierljeppen en it Keatsen.
Kleur: Brûns
Elisabeth Jonker hâldt har nei har oplieding oan de Universiteit fan Grins al jierren dwaande mei it meitsjen fan brûnzen bylden op lyts formaat. Hichtepunt foar har wie it meitsjen fan in skulptuer foar de Rabo-organisaasje Nederland.
Foar mear opsjes of fragen kinne jo fia de mail terjochte by de keunstner sels: beeldhouwerelisabethjonker@gmail.com