Buorman Brombear
Ciara Flood
€14,99
Details
Bear wennet hielendal allinne op ’e romte en dat befalt him poerbêst.
Hy is dan ek net bliid as in kninefamylje in hûs bout nêst dat fan him!
Foar bern fan 2 oant en mei 5 jier
Sita: “Us âldste (krekt fjouwer) fernuveret him deroer dat bear hieltyd wat oars fertelt as de werklikheid. Fol ferwûndering ropt er dan ek út: “Mar mem! Hy hat ommers in hiele protte hunning!” Us jongste (krekt twa) fynt it skitterjend om alle kearen at de kninen by bear oan de doar steane ek ‘oan te klopjen’ op it kaft. Tegearre genietsje se fan de opbouwende spanning by bear, dy’t hieltyd lulker wurdt. Soe it allegear wol goed komme?” Lês Sita har hiele boekresinsje hjir op heitenmem.nl.
Marrit: “Nei twa kear foarlêzen koe ús jongste, Louise fan hast fjouwer, it ferhaal al hast hielendal sels fertelle oan ’e hân fan de prachtige yllustraasjes. Op sawat elke bledside kinst in mûske fine dat frijwat ûndogensk is. Dit boek is in oanrieder foar bern fanôf in jier as trije, sy kinne dan de emoasjes al aardich pleatse. Us famkes lûke hieltyd krekt in bytsje lilkere gesichten as wy dit boek lêze, en se slute ôf mei in dikke krûp! Lês Marrit har hiele boekresinsje hjir op heitenmem.nl.