Kategoryen

No products in the cart.

Brieven oan ús mem

Akky van der Veer

19,95

Details

As famke fan fjirtjin jier, yn 1958, krige Akky van der Veer t.b.c. en moast se ‘kuere’ yn sanatoarium Sonnevanck yn Hurderwyk. Doe’t se wer thús kaam, wie se nei dy oardel jier letterlik en figuerlik groeid en sa feroare, dat har mem har net mear ‘koe’. Yn it begjin hat har mem alle war dien om Akky wer yn it leave, skrutene famke te feroarjen dat se earder west hie. It joech in hiele protte striid tusken harren en se koene der net oer prate. Doe’t dat einlings al koe, wie har mem oan it demintearjen.

Nei har ferstjerren fielde Akky van der Veer it ferlet om brieven oan har mem te skriuwen, sa oprjocht mooglik, sûnder franje. Troch it skriuwen fan dizze brieven – tusken 12 desimber 2010 en 15 juny 2012 – is se har stikje by bytsje bewust wurden fan de djippere betsjutting fan har libben en it minslik libben yn it algemien. Geandewei it skriuwen kaam it iene nei it oare ynsicht op har ta en doarde se it dogma los te litten dat ús wrâld it middelpunt fan de kosmos is en it minskdom de iennige ‘troch God skepen’ libbensfoarm.

Guon nije ynsichten wiene foar har konfrontearjend, woene har earst net oan en makken har lilk. Se kaam hieltyd mear teorieën tsjin dy’t heaks steane op de gongbere opfettings en har besteande wrâldbyld wankele. Se lies der boeken oer en socht nei bewizen op it ynternet, yn de archeology en yn âlde geskriften. Pas doe’t se de bibel as in astro-teologysk boek doarde te lêzen, foel alles ‘te plak’ en fielde se de frijheid en de romte om ‘grutter’ te tinken as it hjir en it no.

Har brieven kinne dêrom besjoen wurde as in autobiografyske learwei en in net te kearen persoanlik bewustwurdingsproses.

Author : Akky van der Veer ISBN : 9789089545398 Pages : 244 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Kategory: , , .