No products in the cart.

No products in the cart.

Boekepakket mei 6 rike printeboeken & byhearrende lesbrieveset

86,43

Details

Watfoar boeken binne no echt fan tafoege wearde om oan te skaffen foar by ús op de (pjutte)groep?

Bestel hjir in set fan seis prachtige printeboeken en krij in lesbrieveset kado.

De boeken binne selektearre om de ‘rike’ teksten en yllustraasjes. Dat wol sizze dat it boek nijsgjirrige ûnderwerpen behannelt dy’t bern oan it tinken sette, goed formulearre teksten befettet mei in ryk ferskaat oan wurden en rake, prikkeljende yllustraasjes hat. Sa’n ryk printeboek is poergeskikt om in skoftke sintraal te stellen en ferskate aktiviteiten om hinne te organisearjen.

It boekepakket bestiet út de boeken: Buorman Brombear, By beppe útfanhûs, De Grutte Griene Grizel, Omke Ûle past op, Skelte wol in Skelter en De Lytse Walfisk.

De lesbrieveset bestiet út in bewarmapke mei mear ynformaasje oer foarlêzen en tips oer hoe’tst safolle mooglik út it foarlêzen helje kinst.
Yn it mapke sit by alle seis boeken in lesbrief mei spesifike tips by it printeboek en de tema’s dêromhinne.

Underwiissoart : foarskoalsk, primêr ûnderwiis Domein : Lêzen, Harkjen Kategory: , .