Kategoryen

No products in the cart.

Nij

Au Musée - poëzykassette

Eeltsje Hettinga

22,50

Details

De poëzykassette Au Musée, mei gedichten fan Eeltsje Hettinga is ferskynd by de manifestaasje Hjerst Ritme Huzum/Herfst Ritme Huizum, yn oktober 2021 yn Doarpstsjerke Huzum yn Ljouwert.

Au Musée is skreaun by de poëzy-ynstallaasje fan Machteld van Buren, sa’t dy yn 2018 in jier lang te sjen west hat yn Tresoar, it Frysk Historysk en Letterkundich Sintrum yn Ljouwert. Foar de ynstallaasje makke Machteld in searje fan seis skilderijen: akryl op doek, elk 100 sm by 100 sm.

Fannacht ferve in snijen alle klokken wyt.

Kaaien en fabriken, pleinen en skippen,

alles lei te sliepen.

Dêr’t ik omdangele, heal yn mysels ferrûn,

seach ik yn blau lantearneljocht

in heit, in broer en

it jachtsjen fan har skaden,

swart as hynders dy’t har ienris

troch liet en lichem draafden.

Ticht leine alle fivers en grêften

ûnder de winterhimel, in sark.

Njonken de Blokhúspoart stie ik as in muorre.

 

Author : Eeltsje Hettinga ISBN : 9789090350097 New label : 1 Pages : 106 Language : Frysk Publisher : Stichting Cepher Format : Poëzykaarten yn kassette Illustrator : Machteld van Buren Kategory: , , , , .