Ali's rymkes
Ali Flapper-Hijlkema
€18,50
Net op foarried
Details
Yn dizze bondel steane rymkes en ferskes fan Ali Flapper-Hijlkema (1932-2017). Sy hat yn har libben hiel wat ôfskreaun en rime; foar jierdeis, Sinteklaas, jubilea, treast ensafh. Bytiden leine pinne en papier op it nachtkastje. Yn it deistige libben naam sy waar wat se seach, hearde of fielde en kamen de rymkes fansels boppe driuwen.
It binne tagonklike ferskes dy’t geane oer deistige saken, natoer en mimerijen dêr’t se faak in fleurige slinger oan wist te jaan. Ek de yllustraasjes binne fan har hân.
Sinne en wille
kinne in bulte tille
mar as de sinne
en wille
der net binne
hoe sil ik dan
dy bulte
tille kinne…