Kategoryen

No products in the cart.

Berneboekewike

Fan 5 oant en mei 16 oktober is it ‘Kinderboekenweek’ yn Nederlân. Fan ‘t jier is it tema ‘Gi-Ga-Groen’. Fansels is der ek dit jier wer in berneboekewikegeskink. Dizze kear is dat in ferhaal út de rige De Waanzinnige Boomhut fan de populêre bestsellerauteurs Andy Griffiths en Terry Denton. Bysûnder is dat it geskink dit jier foar it earst ek yn in Fryske oersetting te krijen is! By besteging fan op syn minst € 12,50 oan berneboeken krigest it boekewikegeskink dizze hiele wike kado by dyn bestelling. De Berneboekewike/Kinderboekenweek is in kampanje fan de CPNB.

Der binne in hiel soad Fryske berneboeken dy’t oanslute by it tema. Boeken om foar te lêzen of foar de bern om sels te lêzen. Wy hawwe de allermoaiste boeken foar jim útsocht en hjirûnder op in rychje setten.

Toan 19–27 fan 'e 27 resultaten